Plataan 50 meter ferpleatst

© Omrop Fryslân
Op De Jouwer is woansdei mei sukses in 15 meter hege plataan ferpleatst. De beam stie foar de eardere skoalle Sevenwolden en stiet no 50 meter fierder by in nij wenkompleks. Ek dat kompleks hjit Sevenwolden.
27 jier lyn plante in dosint fan de MAVO de beam om de skoalle op te fleurjen. Om dy reden wiene der woansdei skoalbern by om it gat wer ticht te smiten mei grûn. De beam is ferpleatst mei in swiere kraan.