Wurkje oan dream Andriesen

03 des 2008 - 17:01

De PvdA yn Provinsjale Steaten hat de plicht om de dream fan Anita Andriesen oer de takomst fan Fryslân wier te meitsjen. Dat seit fraksjefoarsitter Bert Versteeg. Andriesen hie as deputearre in byld foar eagen dat it yn Fryslân goed wenjen, wurkjen en libjen wêze moat.

Andriesen (51) ferstoar woansdei oan de gefolgen fan útsiedde boarstkanker. De steatefraksje fan de PvdA kaam woansdei byinoar om Andriesen te betinken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)