Bos: Ik sil Andriesen misse

03 des 2008 - 14:18

Rûnom wurdt ferslein reagearre op it ferstjerren fan deputearre Anita Andriesen. Partijlieder Wouter Bos lit witte dat er Andriesen misse sil as in waarm en sosjaal minske, mar ek as in echte sosjaal-demokrate. Hiel belutsen, in goeie bestjoerder, tichtebij de minsken. Net allinne foar Fryslân, mar ek foar de lanlike PvdA is it in grut ferlies, sa seit Bos.

Partijfoarsitter Ploumen seit dat Andriesen altiten klearstie foar álle PvdA-ers yn it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)