De meast populêre deputearre

© Omrop Fryslân
Anita Andriesen is de meast populêre en markante deputearre dy't Fryslân ea hân hat. Dat seit boargemaster Sicko Heldoorn fan Assen, har foargonger as deputearre. Neffens Heldoorn komt dat benammen troch har persoanlikheid en har grutte belutsenheid en ynset.
Heldoorn tinkt dat it Andriesen slagge is om de provinsje as bestjoerslaach folle populêrder te meitsjen by de Fryske befolking. Heldoorn hat jierren yntinsyf kontakt mei har hân en sil 'slim ûnwennich' wêze, sa seit er.