'Fryslân ferliest boechbyld'

Troch it ferstjerren fan Anita Andriesen ferliest Fryslân in bysûndere bestjoerder dy't har 'mei hert en siel' ynset hat foar Fryslân. Dat seit Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma yn syn reaksje op it ferstjerren fan Andriesen yn har wenplak Aldebiltsyl. Sy ferstoar oan de gefolgen fan boarstkanker.
Yn it provinsjehûs yn Ljouwert en ek yn it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint Anne lizze kondoléânseregisters foar it betsjûgjen fan meilibjen.