Anita Andriesen ferstoarn

Anita Andriesen (foto provinsje Fryslân)
Deputearre Anita Andriesen (51) is woansdei ferstoarn yn har wenplak Aldebildtsyl. Dat hat de provinsje bekend makke. Andriesen hie boarstkanker. Se kaam te ferstjerren neidat de kanker útsiedde wie nei ferskate oare plakken yn har liif. Anita Andriesen wie hast 14 jier aktyf yn de provinsjale polityk: goed 7 jier as PvdA-steatelid en de lêste 6,5 jier as deputearre. Se hâlde har ûnder oare dwaande mei romtlike oardering en makke har sterk foar in nij streekplan.