Gjin nij doarpshûs yn Damwâld

03 des 2008 - 10:45

Der komt foarearst gjin doarpshûs yn Damwâld. De gemeente Dantumadiel en wenningkorporaasje Thús Wonen kinne it net iens wurde oer de bou fan de Nije Tille yn Damwâld. Dêrom hat it kolleezje besletten om de gearwurking mei de wenningboukorporaasje op te sizzen.

De gemeente sil no oerlizze mei alle belutsenen om te sjen wat de oare opsjes binne om ta in nij doarpshûs te kommen. Damwâld hat al acht jier gjin doarpshûs mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)