Ravenswâld: yllegaal fjoerwurk

03 des 2008 - 10:09

Yn in hûs yn Ravenswâld yn de gemeente Eaststellingwerf is moandei in grutte partij yllegaal fjoerwurk fûn. De plysje kaam it guod op it spoar nei in tip dy't binnenkaam by Meld Misdaad Anoniem.

Der waarden yn Ravenswâld ûnder oare hûndert lawinepylken en hûndert flinterbommen fûn. De 69-jierrige bewenner fan it hûs is meinaam nei it plysjeburo. Hy hat in prosesferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)