Sinneboilers wakker populêr

Friezen pleatse de lêste moannen in soad sinneboilers op it dak fan har hûs. Ek skaffe se mear as oars waarmtepompen oan om it hûs fan binnen te ferwaarmjen. Foar in grut part komt dat troch de subsydzjes dy't it ryk foar de produkten beskikber stelt. Lanlik falt de belangstelling wat ôf.
Rom 1300 minsken dy't mei-inoar sa'n 2700 huzen besitte, hawwe gebrûk makke fan de subsydzjemooglikheden. Ek foar it pleatsen fan sinnepanielen is in soad belangstelling.