Formulieren: 80.000 euro

De formulierebrigade giet al 80.000 euro 'fertsjinne' mei sokke formulieren
De Formulierenbrigade fan Ljouwert hat al 80.000 euro bemachtige foar minsken mei in minimumynkommen. De brigade helpt minima by it ynfoljen fan drege formulieren en it útsykjen fan regelingen dêr't se rjocht op hawwe.
Sûnt de start fan 'e tsjinst yn juny hawwe 250 minsken hjir gebrûk fan makke. In grut part fan de opbringst is belestingjild dat bygelyks weromfrege wurde kin foar syktekosten. De Formulierenbrigade wurket yn opdracht fan de gemeente Ljouwert.