Gjin restaurant yn nij teater

03 des 2008 - 09:26

Der komt nei alle gedachten gjin djoer restaurant yn kombinaasje mei it nije teater oan de Westersingel yn Snits.

De Snitser PvdA fynt de realisaasje fan sa'n restaurant net in oerheidstaak en wol it dêrom út de plannen teater helje. Dat lieten se tiisdeitejûn witte yn in kommisjegearkomste. Neffens de sosjalisten soe it Sintrum foar de Keunsten better yn it pân bliuwe kinne, sadat dat húsfestingsprobleem fan dit Sintrum oplost is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)