Bosk by De Sweach opknapt

Bosk Beetstersweach wurdt opknapt
De bosk om Beetstersweach hinne wurdt opknapt. Tsien grûneigners pakke it gebiet mei-elkoar oan. Sa wurde bygelyks de karakteristike beammeleanen ferjonge en komme der mear parkearplakken foar minsken dy't nei de bosk ta komme.
Dêrneist wurde der dúdlikere kuierpaden makke. It plan kostet seis miljoen euro. Dat moat foar in part betelle wurde út subsydzjes fan de provinsje en de gemeente Opsterlân.