Trainer Mid-Fryslân hâldt op

© Omrop Fryslân
Trainer Jan Sjoerd Pool fan kuorbalklub Mid-Fryslân hâldt nei dit seizoen op. Nei trije seizoenen hat hy it bestjoer fan de fúzjeklub út Reduzum (Stânfries) en Grou (Marfûgels) meidield dat hy nei dit seizoen net fierder giet. Mid-Fryslân stiet op dit stuit earste yn de haadklasse fan it sealkuorbal.
Ek de trainer fan it twadde, Geke van der Let, hâldt der nei dit seizoen mei op.