Plan foar mar by De Tynje

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Nij Beets en De Tynje krije in soad te sizzen oer hoe't it gebiet tusken de doarpen ynfolle wurdt. De gemeente Opsterlân hat in plan skreaun om it wenjen, rekrearen en ûndernimmen yn dy regio in impuls te jaan. Sa soe der ûnder oare in mar komme moatte.
Hoe't it dien wurdt, stiet yn de Ripergebietsfyzje dy't tiisdeitemiddei presentearre waard.