Iepening Geau-akwadukt en N31

© Omrop Fryslân
Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat komt moandei nei Fryslân om twa offisjele hannelings te dwaan. As earste iepenet er it Geau-akwadukt, de lêste fan 'e fiif nije akwadukten yn 'e Súdwesthoeke. Dy iepening stiet symboalysk foar de iepening foar alle fiif nije akwadukten.
Nei de plechtichheid by it Geau-akwadukt giet Eurlings fierder om de ferdûbelde N31 by Harns te iepenjen. It hat lang duorre foardat it beslút naam waard dy wei te ferdûbeljen.