Skoalle Jorwert trijetalich

Skoalle Jorwert wurdt ek trijetalich
De basisskoalle yn Jorwert krijt op 12 desimber it sertifikaat 'trijetalige skoalle'. Op sokke skoallen wurdt lesjûn yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. De trije talen binne fiertaal yn 'e lessen, it Ingelsk fan groep 7 ôf. Fierders moatte de talen ek yn 'e skoalle, de skoalkrante en de administraasje weromkomme.
Der binne al mear trijetalige skoallen yn Fryslân. Noch fyftjin oare skoallen wolle ek trijetalich wurde. It giet út fan 'e Provinsje Fryslân en Cedin.