Planetarium: 50.000e besiker

De 50.000e besiker fan it planetarium
It planetarium yn Frjentsjer hat de 50.000e besiker fan dit jier ferwolkomme. It jier 2008 wie in drok jier foar it museum. Earst waard de útwreiding fan it museum yn gebrûk naam.
Op Keninginnedei wie der ek noch omtinken foar it planetarium. Keninginne Beatrix en har famylje kamen by harren besite oan Frjentsjer by it museum del. Dat wie op 'e NOS-televyzje te sjen. Mooglik hat dat ek mear besikers opsmiten.