Jabikswâld foar Steatsrie

Hjir moat Jabiskwâld komme
In groep ynwenners fan Goutum stapt nei de Rie fan Steat om de oanlis fan Jabikswâld yn 'e nije wyk Súdlannen by Ljouwert te kearen. Begjin takom jier wurdt de grûn bouryp makke, sadat der in pear hûndert huzen en in soarchflat boud wurde kinne. Omwenners fine dat der tefolle huzen komme en dat se te tichtby Goutum komme.
De gemeenteried is al akkoart mei it plan. Fan 't simmer ferlearen de buertbewenners al in rjochtsaak tsjin de oanlis fan Jabikswâld.