Huzen moat fuort nei komst JFS

02 des 2008 - 12:11

As de nije JSF der komt, moatte der huzen ôfbrutsen wurde yn 'e omlizzende doarpen. De nije strieljager hat folle mear leven as de F16, benammen by de lâning. Huzen dy't net goed isolearre binne kwa lûd, moatte ferdwine seit Geart Verf út Marsum. De Twadde Keamer beslút meikoarten oft de JFS de F16's ferfange sil. As dat bart, sille folle mear doarpen om de Fleanbasis Ljouwert lêst hawwe fan it leven. Menaam, Dronryp, Britsum en Bitgum wurde dan ek troffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)