'Lit hertútsetters betelje'

De kosten nei it útsetten fan herten op Skylge moatte ferhelle wurde op 'e twa manlju dy't de bisten nei it eilân brocht hawwe. Dat fynt de Twadde Keamer-fraksje fan 'e Partij voor de Dieren. Minister Verburg fan Natuer is frege oft sy ree is om de kosten te ferheljen. Der is sprake fan skeining fan 'e flora- en faunawet. De bisten fan it eilân helje fynt de partij net goed, want dat soe te folle stress jaan. De bisten moatte ek net byfuorre of ôfsketten wurde.