Sjitterij yn Ferwert

02 des 2008 - 09:57

Plysje en maresjaussee hawwe in ynwenner fan Ferwert oanhâlden (36) fanwege sjitterij. De plysje hie in tip krige dat der sketten waard yn in hûs oan de Bûterhoeke yn Ferwert. Dêr oankaam seagen de plysjes de man mei in wapen. Hy naaide hurd út, mar koe eefkes letter oanhâlden wurde.

De plysje krige help fan 'e maresjaussee, dy't warskôge wie. De man is meinaam nei it buro. De oanlieding foar de sjitterij leit nei alle gedachten yn 'e relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)