Botsing op A6 by Eastersee

© Omrop Fryslân
By in kopsturtbotsing op 'e fjouwerbaansdyk A6 by Eastersee is moandei in autobestjoerder út Bûtenpost ferwûne rekke. De man waard fan achteren oanriden troch in man út Burdaard. Dy siet te prutsen oan syn navigaasjesysteem en seach de auto foar him net op 'e tiid.
De man út Bûtenpost rekke ferwûne oan 'e holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De feroarsaker fan it ûngelok mamkearde neat.