'Oare nammen min foar ekonomy'

© Omrop Fryslân
De ekonomyske krisis foar ûndernimmers yn Wymbritseradiel wurdt slimmer as de gemeente by it beslút bliuwt om de plaknammen te ferfryskjen. Dat seit Albert Hendriks fan buro foar toerisme Friesland Holland. Hendriks fynt dat ûndernimmers de Hollânske plaknammen brûke bliuwe moatte.
Neffens Hendriks binne ûndernimmers oars min te finen, omdat minsken har op Google en navigaasje-systemen sykje mei de Hollânske plaknamme.