Lancee wurket foar Verdonk

De eardere plysjesjef René Lancee wurket sûnt koarten foar Rita Verdonk. Verdonk neamt Lancee operationeel manager fan har beweging TON. Lancee helpt harûnder oare by it tarieden fan debatten yn de Twadde Keamer. De âld-plysjesjef fan Skiermûntseach waard yn 1996 oppakt. Syn dochter beskuldige him fan ynsest. Letter die bliken dat de beskuldiging net wier wie. Lancee krige in skeafergoeding fan in pear ton. Hy gie doe nei Spanje, mar komt no werom.