Wetterskip ferleget belesting

Ferleging fan de belesting.
Wetterskip Fryslân ferleget de belesting foar in gemiddelde húshâlding yn Fryslân mei ien oan't fjouwer prosint, wylst der mear jild útjûn wurdt. Yn totaal tusken de 44 en 47 miljoen euro.
Alle plannen dy 't foar takom jier op it programma stean moatte ek echt yn dat jier útfierd wurde. Dat alles moat der foar soargje dat de Fryske ekonomy stimulearre wurdt. Lânlik docht docht it Ryk dat ek, want der wurde minne tiden ferwachte troch de kredytkrisis.