Jong Hearrenfean ferliest

01 des 2008 - 21:47

De beloftes fan Hearrenfean hawwe moandeitejûn mei 4-1 ferlern fan Jong FC Twente. Yn de earste helte koe Hearrenfean Twente noch aardich byhâlde, mar yn de twadde helte wie Twente de bettere ploech.

Twente kaam yn de earste helte al nei twa minuten op foarsprong. Yn de 6e minút waard it gelyk troch Arnór Smárason en binnen it kertier wie it 2-1 foar Twente. Nei it skoft hie Hearrenfean ien goeie kâns, mar Twente makke noch twa doelpunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)