Sneu ferlies Jong Cambuur

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandeitejûn sneu mei 2-1 ferlern fan Heracles Almelo. Yn de blessueretiid makke Bas Drost it winnende doelpunt foar de ploech dy't traind wurdt troch âld Cambuurspiler John Stegeman. Yn de 12de minút kaam Cambuur op achterstân troch in doelpunt fan Serdar Gokkaya.
Yn de twadde helte wiene de ploegen better oan elkoar weage, mar in doelpunt siet der eins net mear yn foar Cambuur. Yn de 87ste minút waard it toch noch 1-1 troch Ale de Boer.