Hertemystearje is kroechstunt

01 des 2008 - 18:12

De mysterieuze ferskining fan tsien edelherten op Skylge is in kroechstunt. Dat docht bliken út ûndersyk fan 'e plysje. De bisten binne troch twa eilanners kocht by in fokker bûten Fryslân en healwei novimber nei it eilân ferfierd en by Peal 8 frijlitten.

It idee om de herten nei Skylge te heljen hat neffens de plysje gjin kriminele achtergrûn. Ek soe de aksje net bedoeld wêze om guon ynstânsjes op it eilân dwers te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)