DSB-bank Ljouwert ticht

01 des 2008 - 15:07

De iennichste festiging fan 'e DSB- Bank yn Fryslân is fan moandei ôf ticht. De groei fan it bankieren op ynternet is neffens de direksje de reden dat it filiaal oan it Suderplein yn Ljouwert de doarren slút.

It kantoar waard yn 2007 iepene mar dat hat net folle nije klanten opsmiten. De klanten binne mei in brief op 'e hichte brocht fan it beslút. Der wurken seis minsken foar DSB-Ljouwert. Foar harren wurdt oar plak socht by de DSB-bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)