T'diel: stipe foar duorsumens

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel hat as earste Fryske gemeente subsydzje fan it ryk krigen foar duorsumens. It giet om in bedrach fan 150.000 euro dat bedoeld is foar it opsetten en útfieren fan projekten.
Tytsjersteradiel wol waarmte dy't bedriuwen oer ha oars brûke. De gemeente wol ek sjen oft gemeentlike auto's oerkinne op biobrânstof en oft reinwetter brûkt wurde kin foar it trochspielen fan de húskes yn it gemeentehûs. It jild komt út de pot 'Stimulering Lokaal Klimaatbeleid'.