Plan foar kamping by Nannewiid

01 des 2008 - 12:02

Rekreaasjeûndernimmer Roelof Speelman wol in kamping realisearje by it Nannewiid. Speelman hat al twa kear earder plannen makke foar nije rekreaasjefoarsjennings yn Skarsterlân, mar troch tal fan redenen kaam der neat fan op 'e hispel.

Dizze kear hopet Speelman dat it wol slagget. Dochs binne der ek no al minsken dy't tsjin it plan binne foar in kamping oan de súdkant fan it Nannewiid. Speelman wol in kamping mei 200 passanteplakken en ek sjalets.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)