Wurk Jongstra yn Wommels

01 des 2008 - 11:02

Yn it gemeentehûs fan Littenseradiel komt in wurk fan filtkeunster Claudy Jongstra te hingjen. Woansdei ûnthult de ynwenster fan Spannum it wurk. Earder makke Jongstra keunst foar it Catshuis, de Nederlânske ambassade yn Berlyn en de Iepenbiere Biblioteek fan Amsterdam. Ferline wike krige se de Prins Bernhard Cultuurfonds Priis.

Foar it gemeentehûs yn Wommels hat se in objekt makke fan rilt en rûge side mei fûle kleuren dy't de sinne yn it gebou bringe moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)