Drankrydster rekket fan 'e dyk
In 41-jierrige frou fan Gerkeskleaster is mei tefolle drank op fan de dyk rekke by Bûtenpost. Sy ried op de krusing fan de N910 mei de Trekwei tsjin de fangrail.
De frou rekke net ferwûne. Wol waard sy meinaam nei it plysjeburo en moast dêr har rydbewiis ynleverje. In blaastest liet sjen dat se fierstente folle drank ophie.