Oplichtster (72) oanhâlden

01 des 2008 - 09:55

In frou (72) dy't socht wurdt foar oplichting is ferline wike oanhâlden yn Dokkum. De frou wie sjoen op Skiermûntseach troch de soan fan in ien fan har slachtoffers. Hy warskôge de plysje.

De plysje fûn har net op it eilân, mar kaam der achter dat se ûnderweis wie nei Dokkum. De plysje fan Dokkum hie de frou gau fûn yn it sintrum. De frou moat noch 414 dagen sitte en 7.000 euro skeafergoeding betelje oan har slachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)