Mid-Fryslân koprinner

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein ek de tredde wedstriid yn de sealhaadklasse wûn. Tsjinstanner Groen Geel út Wormer waard mei 30-20 oan de kant setten. SCO pakte de earste winst troch De Meervogels mei 21-18 te ferslaan. Drachten ferlear mei 18-15 fan Die Haghe.
Mid-Fryslân fan Reduzum en Grou is no mei Vada út Wageningen koprinner mei seis punten út trije wedstriden. SCO en Drachten ha twa punten út trije wedstriden.