Ljouwerters kampioen spotten

30 nov 2008 - 16:32
  • Ljouwerters kampioen fleantúchspotten
  • It winnende team

De Aviation Group Ljouwert is dit wykein nasjonaal kampioen fleantúchspotten wurden. Yn Nieuwegein fersloegen se de teams fan Volkel en Gilze-Rijen.

De nasjonale kampioenskippen wurde alle jieren holden en it draait om de kennis oer loftfeart. Sa moasten de teams fragen beäntwurdsje oer de skiednis fan fleantugen, de technyk en it werkennen fan bepaalde types. Takom jier wurde de kampioenskippen yn Ljouwert holden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)