Op foksen sjitte út auto wei

Op foksen sjitte mei no ek út 'e auto wei
Der mei yn Fryslân foar it earst út in stilsteande auto wei op foksen sketten wurde. De kâns dat je soks sjogge, is lykwols lyts. It mei allinnich yn it eigen jachtfjild en op achterôfdykjes dêr't net in soad minsken komme. En ek allinnich as it giet om skeabestriding.
Foksen wurde ferantwurdlik holden foar it opfretten fan bygelyks in soad greidefûgels. It giet hjir om it legalisearjen fan in besteande praktyk.