Plysje siket oerfaller
De plysje is op syk nei in oerfaller dy't sneontejûn útnaaide mei in laptop en in jildbedrach út in winkel yn de Louw Doniastrjitte yn Snits. De man gong der fan troch yn de rjochting fan de wyk Sperkhem.
De plysje waard om goed 06.40 oere waskôge en dy hat noch nei him socht. Der wie in goed sinjalemint, mar dochs hat dy syktocht neat opsmiten.