Twadde nominaasje foar Jansma

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein hat in twadde Olympyske nominaasje yn de bûse foar de Olympyske Spelen fan Vancouver yn 2010. Sneon helle er al in nominaasje by de twamansbob en snein yn de fjouwermansbob.
Mei Edwin van Calker, Arno Klaassen en Arnold van Calker einige Jansma op in dield fjirde plak by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Winterberg. De eask fan sportkoepel NOC*NSF wie in plak yn de top acht.