Fytsedief achterfolge

30 nov 2008 - 12:59

Op de Nijstêd yn Ljouwert ha yn de nacht nei snein in pear manlju besocht in fytsedief te pakken. Ien fan har soe krekt syn fyts los meitsje doe't er oansprutsen waard troch in man dy't in fyts ferkeapje woe. De man hie dêr gjin belangstelling foar en rûn fuort.

Mar doe kaam de dief efter him oan en sloech him tsjin it wang. Dêrnei woe de dief de fyts ôfpakke. Dat slagge net, en doe naaide de fytsedief út. De freonen besochten him te pakken, mar by de Doelesteech rekken se him kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)