Fúzje basisûnderwiis SW-hoeke

30 nov 2008 - 12:52

Alles is klear foar in fúzje fan it iepenbier basisûnderwiis yn de Súdwesthoeke. Dat skriuwe B&W fan Boalsert oan de gemeenteried. Fiif jier ferlyn binne de earste besprekkings oer in fúzje al op gong kommen. Mei-elkoar acht gemeenten dogge der oan mei.

It doel fan de fúzje is in ferbettering fan de kwaliteit fan de organisaasje. As de gemeenterieden akkoart gean, komt der in mienskiplik bestjoersburo foar alle skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)