Hoekstra wint transportpriis

© Omrop Fryslân
Transportbedriuw Hoekstra yn Snits hat de lanlike ûndernimmerspriis fan transport en logistyk wûn. Dat is sneontemiddei bekend wurden yn Kaatsheuvel. It bedriuw yn Snits wie as iennige yn Fryslân nominearre foar dizze priis.
De seleksje fan de winner is dien troch in ûnôfhinklik buro. Dat hat sjoen nei de boekhâlding en de prosedueres. Hoekstra is festige oan de Schoenmakersstraat yn Snits en hat 48 frachtauto's en hûndert meiwurkers.