Nominaasje foar Sybren Jansma

29 nov 2008 - 15:57
  • Bobslider Sybren Jansma
  • Jansma en Van Calker

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein hat mei syn maat Edwin van Calker by de start fan it wrâldbekerseizoen yn Winterberg in Olympyske nominaasje foar Vancouver 2010 binnenhelle.

It Nederlânske duo waard yn de twamansbob sechde. In klassearring by de top acht wie de eask fan sportkoepel NOC*NSF foar in nominaasje. Om nei de Olympyske Spelen te gean moatte Van Calker en Jansma takom jier foarmbehâld toane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)