Undersyk nei herten klear

29 nov 2008 - 15:54

It plysje-ûndersyk nei it mystearje oer de edelherten op Skylge is klear. Mar plysjesjef Mame Douma fan Skylge wol der op dit momint net mear oer kwyt, omdat alle belutsenen noch net ynljochte binne. It is wykein en dan is it dreech om alle minsken te berikken, sa lit Douma witte.

It soe gean om in út de hân rûne kroechgrap fan in groepke eilanners. De grapmakkers soene de edelherten ophelle ha by twa hertefokkers op de fêste wâl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)