Pleatsen brêge giet troch

© Omrop Fryslân
It pleatsen fan de grutte houten brêge oer de rûnwei by Snits giet definityf troch. Dat is sneontemiddei besletten yn in lêste oerlis fan alle belutsen ynstânsjes en bedriuwen. De waarsomstannichheden binne goed genôch, sa wurdt ferwachte.
De brêge is twa wike lyn al ynelkoar setten en moat no sa'n oardel kilometer oer de dyk ferpleatst wurde fan it plak by de wettersuvering nei wenwyk Akkerwinde.