Ofspraken makke mei NieuwNoord

29 nov 2008 - 14:39

SC Hearrenfean en supportersferiening NieuwNoord hawwe freedtejûn ôfpraat yn de takomst better te kommunisearjen. Dêrmei is de relaasje tusken de direksje en NieuwNoord wer posityf, sa melde NieuwNoord en Hearrenfean op harren webside. NieuwNoord organisearre by de wedstriid tsjin FC Utrecht in protestaksje troch 75 minuten stil te wêzen. De feriening wie ûntefreden oer in brief dy't de fans út it steanfak krigen. Se fûnen de brief betutteljend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)