Man feroarsaket tal oanridings

29 nov 2008 - 14:09

It rydbewiis fan in 25-jierrige man út Dokkum is freedtejûn ynfoardere neidat de man in oantal oanridings feroarsake hie en dêrby trochriden wie. Nei in melding waard de fertochte oantroffen op de Liobastrjitte.

De man wie dêr mei syn auto tsjin de gevel fan in gebou riden en hie dêrby ek noch in stilsteande auto rekke. De man is foar in wiidweidich ûndersyk meinaam nei it plysjeburo, omdat it fermoeden bestie dat de Dokkumer ûnder ynfloed wie fan drank en drugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)