Kantinekonsert Strawelte

De Fryske willepunkband Strawelte hat freedtejûn by Omrop Fryslân in saneamd kantinekonsert jûn. De band spile earder al live foar de radio yn it jongereprogramma Radio 18, mar dit wie jûns tusken 19.00 en 20.00 oere.
It programma waard presintearre troch Willem de Vries en Simone Scheffer. De band hat foar en nei it konsert in soad ynterviews jûn. De band jout noch in tal ôfskiedskonserten yn Dokkum, Drachten en Ljouwert. Dêrnei 'roppe se de stekker derút', sa't se sels sizze.