Oanriding by Appelskea

© Omrop Fryslân
De provinsjale dyk by Appelskea hat freedtejûn goed twa oeren ôfsletten west yn ferbân mei in oanriding. In 28-jierrige autobestjoerder út Musselkanaal kaam dwers oer de dyk te stean, neidat syn auto mei in karre derachter begûn te slingerjen.
Hjirop kaam de kombinaasje yn botsing mei in auto fan in 47-jierrige frou út Koarnwert. Dy auto kaam yn de sleat telâne. De beide ynsittenden binne troch it ambulânsepersoniel behannele oan ferwûnings oan it boppelichem.