Nijpels yn list ynfloedriken

© Omrop Fryslân
Ald-kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân, Ed_Nijpels, stiet op it 42e plak fan de meast ynfloedrike Nederlanners. Dizze list fan 200 minsken is opsteld troch deiblêd De Volkskrant.
Op it earste plak stiet Alexander Rinnooy Kan. Hy is foarsitter fan de Sociaal Economische Raad. Meast ynfloedrike frou yn Nederlân is Agnes_Jongerius. Sy is foarsitter fan fakbûn FNV. Op in 48e plak stiet Hans Wiegel, foarsitter fan de soarchfersekerders.